Mei tûzen man út iten yn Ljouwert

17 sep 2015 - 21:08
  • Mei 1000 man tagelyk oan it miel

Tongersdeitejûn is it grutste iepenloftdiner yn Ljouwert ea hâlden. Sa'n 1000 gasten skoden oan foar in trijegongen-diner. Dat oanskowen diene se oan 150 meter lange tafels op de Twibaksmerk yn de stêd. Yn totaal hawwe 70 koks hast in wike dwaande west om it diner ta te rieden. It itensfeest is organisearre yn it ramt fan "Hoofdstad van de smaak". Ferskate restaurants, studinten fan de hotelskoalle en de provinsje wurken mei oan it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)