Te Vrede noch blesseard; Veerman wer yn de spits

17 sep 2015 - 14:54

Mitchell te Vrede is noch net fit genôch om freedtejûn mei te dwaan yn de wedstriid tsjin NEC. De spits hat in dik ankel en sil no per wedstriid besjen oft hy meidwaan kin. Syn ferfanger is ek no wer Henk Veerman.

Fierder begjint trainer Dwight Lodeweges wer mei deselfde alve spilers as ferline wike tsjin de FC Grins. Lucas Bijker begjint wer sintraal achteryn en Kenneth Otigba sit op de bank.

Ferline wike ferlear Hearrenfean mei 3-1 fan FC Grins. Yn de twadde helte kaam Otigba yn it fjild. Bijker skode op nei de linksbackposysje, Caner Cavlan waard wiksele. It spul waard der wol better fan, mar Lodeweges kiest der wol wer foar om mei deselde alve te begjinnen.

By de parsekonferinsje fan tongersdeitemiddei waard noch efkes oppere dat Slagveer ek yn de spits spylje kin, mei Tarik Kada op rjochts. Lodeweges like dêr net negatyf tsjinoer te stean, mar kiest dochs noch foar Veerman yn de spits.

De wedstriid NEC-Hearrenfean is freedtejûn om 20.00 oere en wurdt live útstjoerd by Omrop Fryslân op de radio.

Mooglike opstelling: Mulder, Van Anholt, St. Juste, Bijker, Cavlan, Van den Boomen, Thern, Van den Berg, Slagveer, Veerman en Larsson.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)