Lanlike steuring by provider Vodafone

17 sep 2015 - 14:47

Vodafone hat tongersdeitemiddei lêst hân fan in grutte steuring. Klanten yn de regio Arnhem en Nijmegen hienen as earsten lêst fan de steuring, mar dêrnei wreide de steuring him út oer it hiele lân. Tûzenen minsken hienen gjin ynternetferbining en koenen net belje of belle wurde.

Nei in goed oere wie de steuring foar in grut part wer oplost, oer de oarsaak koe Vodafone neat sizze. Klanten fan Hollandsnieuwe en SIzz, ûnderdiel fan Vodafone, hienen ek lêst fan de steuring.

Sjoch op de kaart fan AlleStoringen.nl wêr't de meldings fan klanten wei komme.

Trefwurden: 
steuring Vodafone
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)