"Alle bern oant 12 jier aanst nei Integraal Kind Centrum"

17 sep 2015 - 11:59
  • IKC Franciscus yn Ljouwert

Oer fiif jier binne der gjin berne-opfangs mear en moatte alle bern nei in Integraal Kind Centrum. Dat seit Ciska van Aken, direkteur fan IKC Franciscus yn Ljouwert.

Yn dat sintrum komme ûnderwiis, ûntwikkeling en ûnderstypjen byelkoar. Dat betsjut dat alle bern oant en mei tolve jier aanst nei deselde skoalle gean. Akitiviteiten fan skoalle en berne-opfang kinne sa folle better op elkoar ôfstimd wurde, en dat is better foar de ûntwikkeling fan de bern.

Tongersdei wurdt it IKC Franciscus yn Ljouwert iepene troch wethâlder Thea Koster. It is it grutste Intergraal Kind Centrum fan Fryslân. De gemeente, it skoalbestjoer en de berne-opfang binne al goed fiif jier dwaande om it IKC klear te krijen. Op dit stuit gean hast 400 bern nei IKC Franciscus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)