Roemenen oppakt foar stellen fan jassen út winkel Sint-Nyk

17 sep 2015 - 11:21

De plysje hat woansdeitemiddei trije Roemenen oanhâlden foar stellerij yn Sint-Nyk. De dieven hiene dêr fyftjin jassen fan in klaaiingrek meinaam, en wiene mei in auto útnaaid.

De warskôge plysje koe de auto by Snits oanhâlde. Yn de kofferbak fûn de plysje net allinnich de jassen, mar ek oar guod dat nei alle gedachten út oare winkels weinaam is. De trije Roemenen fan 31, 32 en 34 jier binne oanhâlden en meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
stellerij Sint-Nyk Roemenen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)