Feardaam It Amelân ûndergiet grutte rekonstruksje

17 sep 2015 - 10:46

Rykswettersteat set takom wike útein mei de rekonstruksje fan de feardaam op It Amelân. Dit is nedich om de daam feilich en berikber te hâlden, sa seit Rykswettersteat.

Der wurde ûnder oare nije daamwanden oanlein. Ek wurdt der grut ûnderhâld dien oan de brêgen fan de fearboat. Der komt in tydlik oanlisplak foar de fearboat foar salang't der wurke wurdt. De ferwachting is dat de wurksumheden yn de simmer fan 2016 klear binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)