Provinsje stelt 7 ton beskikber foar herbestimming gebouwen

17 sep 2015 - 10:22
  • It provinsjehûs

De provinsje Fryslân stelt opnij jild beskikber foar de herbestimming fan gebouwen. It giet dit kear om mear as 7 ton. Mei dizze saneamde herbestimmingsregel hopet de provinsje dat de gebouwen yn koarte tiid omboud wurde ta gebouwen mei in wenfunksje yn de hiersektor.

De maksimale subsydzje per projekt is in ton. Ferline kear binne der yn totaal 7 herbestimmingsprojekten realisearre. Minsken dy't ynteresse hawwe, kinne tusken 15 novimber en 31 desimber in oanfraach yntsjinje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)