Universitêr ûnderwiis komt hieltyd tichterby

16 sep 2015 - 21:44

Universitêr ûnderwiis yn Fryslân komt hieltyd tichterby. Dat sei dekaan Jouke de Vries yn in taspraak by de iepening fan it akademysk jier. Takom freed hat de Vries noch in petear mei deputearre Sander de Rouwe en wethâlder Thea Koster fan Ljouwert. Dêrnei hopet hy dat der mear dúdlikheid is oer de 'University Campus Fryslân'. De nije fakulteit fan de Rijksuniversiteit Groningen rjochtet him yn elts gefal op wichtige 'hot-spots' yn Fryslan, lykas wetter en de Fryske meartalichheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)