Aldereinfersoargers nei bûtenlân foar wurk

16 sep 2015 - 21:10

In soad studinten dy't no leare foar âldereinfersoarger wurkje aanst yn it bûtenlân. Alteast as it oan ROC de Friese Poort leit. Yn Fryslân is wol wurk, mar folsleine banen binne mear te finen yn Dútslân en Finlân. Dêr is in grut tekoart oan fersoargers, wylst yn Fryslân in oerskot is.

Der rint in ûndersyk om te sjen oft it wurket om krekt ôfstudearre fersoargers yn it bûtenlân oan wurk te helpen. Al twa jier lang ha de lannen studinten útwiksele. Dat wie in grut súkses.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)