Feestje foar Dennis Mei om't er yn Fryslân bliuwe mei

16 sep 2015 - 17:16

Dennis Mei (15) út Ljouwert hat woansdei yn it Stadhouderlijk Hof yn Ljouwert in hektyske perioade yn syn libben ôfsletten. Dennis en syn famylje ha lang ûnwis west oft se wol yn Nederlân bliuwe mochten. Dennis is berne yn Sina en doe't er 4 jier wie, is er mei syn âlden nei Nederlân kaam. It like derop dat hy mei syn famylje werom moast nei Sina.

Klasgenoaten en boargemaster Crone kamen yn aksje. Oardel moanne lyn kaam it berjocht dat se bliuwe meie. Om dit te fieren hie boargemaster Crone famylje en klasgenoaten útnoege foar in feestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)