Bysûndere moeting tusken Ljouwerter en Joadske frou

16 sep 2015 - 16:33
  • Peter de Hoo en Paulette Cooper

Ljouwerter Peter de Hoo trof lêsten yn Londen de Joadske Paulette Cooper út Amearika. Santich jier lyn waard sy as famke op it nipperke rêden fan Auschwitz troch de heit fan De Hoo. Nei in oprop yn in krante kamen se mei elkoar yn kontakt.

De heit fan Peter de Hoo wurke yn België foar in ministearje. Hy wie befreone mei de heit fan Paulette. Sy en har suske wienen doe al wees, beide âlden wienen fermoarde yn Auschwitz. De famkes moasten ek nei it ferneatigingskamp, mar Sijbren de Hoo koe se frijkeapje by in korrupte Dútser.

Paulette en har suske binne nei de oarloch adoptearre yn Amearika. By tafal seach Peter de Hoo in foto by in oprop fan Paulette yn 'e krante om achter de identiteit fan har rêder te kommen. Nei lang mailkontakt folge in moeting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)