Parten fan Ljouwerter Bosk út foarsoarch net tagonklik

16 sep 2015 - 15:32

Parten fan de Ljouwerter Bosk binne tydlik net tagonklik. Dat wurdt út foarsoarch dien om't guon beammen noch hieltyd ferswakt binne as gefolch fan de hjerststoarm fan 2013. Benammen popelieren kinne dêrtroch knappe en omfalle.

Om gefaarlike situaasjes foar besikers foar te kommen, binne no parten sletten. By de stikken dêr't it om giet, binne woansdei warskôgingsbuorden pleatst. In oersjoch wurdt tongersdei op de webside fan de gemeente Ljouwert publisearre. Beamspesjalisten besjogge de beammen meikoarten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)