Fryslân wol gearwurking mei Sineeske provinsje Heilongjiang

16 sep 2015 - 15:21

De Sineeske provinsje Heilongjiang en de provinsje Fryslân sille gearwurkje op it gebiet fan lânbou en suvel. Der sil sjoen wurde wêr't foar beide provinsjes kânsen lizze. Moandei komt in delegaasje fan 36 bedriuwen út Sina nei Ljouwert om in oerienkomst te tekenjen. De bedriuwen ha benammen ynteresse yn de jirpel en molkeprodukten.

By de ûndertekening is partijsekretaris Wang Xiankui. Hy is de heechste fertsjintwurdiger fan de provinsje. Yn Heilongjiang wenje 38 miljoen minsken. Yn desimber sil út Fryslân wei in delegaasje nei Sina ta.

Fryslân hat ek al in susterbân mei de Sineeske provinsje Sichuan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)