Advyskommisje Obe Postmapriis bekend

16 sep 2015 - 13:56

De advyskommisje foar de Obe Postmapriis 2016 is bekend. Fjouwer minsken út de wrâld fan de letterkunde bûge har oer wa’t de provinsjale oersetpriis wint. Dit jier sille Erica Bergema, Rolf Bremmer, Afke de Haan en Marlies de Jong advys jaan oan de provinsje.

De Obe Postmapriis is net allinne foar oersettings út in frjemde taal wei nei it Frysk ta, mar ek oarsom. De priis wurdt ienris yn de fjouwer jier takend.
De lêste winner wie Anne Tjerk Popkema foar syn oersetting fan 'De Hobbit' fan J.R.R. Tolkien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)