Ferry Breedveld is nije foarsitter RfT by Nij Smellinghe

16 sep 2015 - 13:47
  • Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

Ferry Breedveld is de nije foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. Hy folget Tiny Derks op dy't ôfgeand is.

Breedveld wie earder foarsitter fan de Ried fan Bestjoer fan it LUMC, it universitêr sikehûs yn Leiden. As medysk spesjalist, bestjoerder en tafersjochhâlder hat er in soad kennis en ûnderfining opdien. Ien fan syn earste taken sil it foarmjen fan in nije Ried fan Bestjoer wêze dy't de takomst mei foarmjaan sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)