Kompensaasje foar dupearren yn Alphen aan den Rijn

16 sep 2015 - 10:47

Stielboubedriuw BSB út Sumar, boubedriuw Mourik en kraanbedriuw Peinemann betelje in fergoeding oan bewenners en ûndernimmers yn Alphen aan den Rijn dy't oerlêst hawwe fan de bergingswurksumheden. It giet om in bedrach fan 100 euro op in dei. Bern ûnder de 18 jier krije de helte.

It giet om minsken dy't harren hûs út moatte as de kranen en it brêgedek opromme wurde dy't begjin augustus omfoelen. Doel is dat it wurk 22 septimber úteinset. Om 9 oktober hinne moat alles oprêden wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)