600 plysjeminsken út Noard-Nederlân fiere aksje yn Den Haach

16 sep 2015 - 09:02

Sa'n 600 plysjeminsken fan plysjeregio Noard-Nederlân stapten woansdeitemoarn op de bus nei Den Haach. Dêr sille se fjouwer ministearjes blokkearje yn har striid foar in bettere CAO. It is ien fan de grutste aksjes oant no ta.

Al moannen is de plysje dwaande mei aksje fieren. Sa wiene der de stadichoan aksjes, komme se allinnich by spoedeaskjende saken en wurde der in stik minder boetes skreaun. Neffens plysjemân Oeble Bouma fan Ljouwert rint de skea yn de miljoenen.

Mar te fier giet it net seit hy: "Dan soe ik net meigean. Ik ha al wol oan oare aksjes meidien, mar ha noch net yn Den Haach west. Mar foar my is it no oer. Dan moatte we der mar hinne. Al ha we der allegear wol wat de smoar yn. Want dit is ús wurk net."

Yn Den Haach wurde sa'n 5000 plysjeminsken ferwachte. Se blokkearje de ministearjes oant woansdeitemiddei, sille leven meitsje by de Twadde Keamer en hâlde in grutte manifestaasje op it Malieveld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)