Kollum: "Skylger tsjerken en twa deade einen"

16 sep 2015 - 08:36

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Yn de simmer ha wy in pear gast-kollumnisten. Ien fan harren is skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum. Hy publisearre oant no ta fjouwer romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012) en Bedoarne hannel (2014). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan SC Hearrenfean.

"Der wie dizze wike in soad kar yn ûnderwerpen foar in kollum. Ik hie bygelyks kieze kinnen foar in miening oer in kadoboek dat gjin oarspronklik Frysk, mar in oersetting is. In e-book dat de Gysbert wint. In oanspield dea berntsje dat troch de media omearme waard as symboal foar de flechtelingenstream en alle ellinde dy’t dêr by komt te sjen. In atlete dy’t seit dat reedriden net in mondiaal folwoeksen sport is. It minne fuotbalwykein fan de beide betelle fuotbalklups. De safolste rûzje yn de dochs al net sa florissant derfoar steande PvdA.

Genôch kar. Want wat is der in ellinde en argewaasje yn de wrâld. Net selden feroarsake troch ferskillen yn de wize fan leauwen yn in God, Allah, Boeddha of hokker hegere macht dan ek mar. De grutste bloedbaden, bomoanslaggen en wit ik folle hokker freeslikheden omdat de ien der wat oars oer tinkt as de oar. Of der hielendal neat fan tinkt, want dy groep minsken nimt ta.

Teminsten, se sizze dat se der neat fan witte wolle. As de tsjerke yn it doarp dan op nominaasje stiet om ôfbrutsen te wurden komme der oare krêften los en binne guon dy’t oars neat mei it leauwen te krijen ha, samar frijwilliger om de tsjerke yn stân te hâlden. Mar ik dwaal ôf.

Ynstee fan al dy mooglikheden en ûnderwerpen foar in kollum ha ik twa einen deariden op de Heak om Ljouwert. Op sneintemoarn. Ferhipte sneu foar dy bisten, mar ik koe der neat oan dwaan. Se rûnen sa de Heak op. Grif gjin euvelmoed hân yn ier autoferkear op wei nei Harns.

It is oars wol in pracht, ride troch Fryslân as de lêste kroechgongers nei hûs skarrelje en de grutte diken fierweihinne frij fan auto’s binne. Je soenen hast de krimp promoatsje, sa moai rêstich is it dan. Fan de moaie Wâlden nei de grutste havenstêd fan Fryslân is yn krekt wat mear as in healoerke te dwaan. Plysjes dogge net it measte op ’t heden, dus jo kinne moai troch tuffe.

Wat wy no sa betiid dy kant út moasten? Dat sil ik jim fertelle. Der binne mear froulju as tsjerken, seit de siswize. No, der binne oars ek nochal wat soarten tsjerkemienskippen. Dêr wie de Mienskip ek al wer. Hoe dan ek, wy binne hjir yn de skiednis tige goed west yn it opsetten fan nije tsjerken.

Ik wit net hoefolle ferskillende soarten fan leauwen der wol net binne, mar dat komt net sa krekt. Troch de wike libbet en wurket it yn de regel prima gear, mar sneins giet elk syn en har eigen paadsje nei ien as oare romte dêr’t sielsferwanten sitte.

Op in pear útsûnderingen nei, fergrizet dy groep minsken. En dus siket mannich tsjerkemienskip om op in oare wize dy tsjerke libben te hâlden. Op it Griene Strân by West, op Skylge, wie snein in bysûndere tsjinst. Omdat wy kunde ha oan de dûmny fan ien fan de tsjerken op it eilân, like it ús aardich om dy tsjinst ris by te wenjen, om te sjen wat se der dêr fan meitsje.

Boppedat kinne jo as it moai waar is der in echte eilândei fan meitsje en dat is oeral goed foar. Ik moat dêr noch oan taheakje dat in soad minsken sizze dat se it leauwen ek wol yn de dunen fine. Dêr kin ik my op in prachtige dei as ôfrûne snein ek wol wat by yntinke.

Mar wy moasten dus de earste flugge boat nei Skylge ha, mei fatale gefolgen foar dy twa einen. Nochris, it muoit my, mar it is no ienkear minskewurk, no?
Op it strân sammelen harren tsjin tsienen in 250 manlju en froulju. In koperblazersband foar de begelieding, want se ha gjin brulboeioargel op Skylge, leau ik. Hoe soe it eins mei dat brulboeioargel wêze? Ik dwaal wer ôf.

It dekôr wie fantastysk. De hast komplete brune float fear út de haven fan West en makke der in Sail Amsterdam eftige floatsjo fan. De sinne skynde sa no en dan troch de tinne wolkelaach en der wyn wie wol fris, mar dêr kinne jo je op klaaie.

Ik ha my fertelle litten dat der op de stuollen en bankjes op it Griene Strân menisten, ofwol doopsgezinden , grifformearden, herfoarme en roomsken mei syn allen dy tsjinst bywenne ha. Miskien wienen der ek wol badgasten by dy’t noch in oar geloof oanhingje. Ik wit it net, want jo kinne dat der meastal oan de bûtenkant net oan sjen.

Alle beskikbere dûmny’s gienen iendrachtich foar en der binne gjin klappen fallen, der is net skolden, eltsenien die aardich mei as der songen wurde moast en nei de tiid wie der kofje mei soeskes en dêr bleaunen de measten foar. It kin dus wol.

"Ook de rest van de dag verliep in een goede sfeer", soe de haadredakteur fan it Bokwerder Belang skreaun ha. No ja, op dy beide deariden einen nei. Dat bliuwt spitich."

Folgje Ferdinand de Jong op Twitter. Moarn wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)