Ferwûnen by slim ûngelok op de A7 by Drachten

16 sep 2015 - 07:12

De A7 by Drachten hat tiisdeitejûn in skoft ôfsletten west nei in ûngefal wêrby't ferskate minsken ferwûne rekken. Twa auto's botsten troch noch ûnbekende oarsaak op mekoar. Ien fan de belutsenen rekke beknipe yn ien fan de auto's en moast der troch de brânwacht út helle wurde.

De ferwunings fan twa oare belutsenen foelen ta. Ferskate brânwachtkorpsen en fjouwer ambulânses rukten út nei it plak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)