Ger Heeringa tydlik gemeentesekretaris op Skiermûntseach

15 sep 2015 - 22:00

Ger Heeringa fan Dokkum wurdt mei yngong fan 1 oktober tydlik gemeentesekretaris by de gemeente Skiermûntseach. Hy folget Bob Boelens op dy't nei de gemeente Wijchen giet. Heeringa wie hjirfoar algemien direkteur/sekretaris by de gemeente Maasdonk en dêrfoar wie hy dat yn Boarnsterhim en Dongeradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)