1100 hantekens foar better skoalferfier De Fryske Marren

15 sep 2015 - 21:38

Alden fan bern mei in beheining hawwe tiisdeitejûn 1.100 hantekens oanbean oan de gemeenteried fan De Fryske Marren. De âlden binne lilk oer de ynfiering fan opstapplakken foar skoalferfier. Yn it ferline waarden de bern fan hûs ophelle, mar troch de besunigings kin dat net langer.

Neffens de âlden is it foar in soad fan de bern lykwols hielendal net mooglik om nei sa'n opstapplak ta te kommen. Benammen autistyske bern ha der in soad muoite mei. Se hoopje dat de gemeenteried de maatregel weromdraait. Sa net, dan folgje der nije aksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)