Kwaliteit ûnderwiis op lytse skoallen better as tocht

15 sep 2015 - 20:46
  • In lytse skoalle

It ûnderwiis op lytse skoallen is folle better as altyd tocht waard. Dat is ien fan de konklúzjes fan it promoasjeûndersyk fan Albert Walsweer fan de NHL yn Ljouwert. Hy hat de ôfrûne jierren by fiif lytse skoallen ûndersyk dien nei hoe't dêr it bêste les jûn wurde koe.

Hy kaam der achter dat it perfoarst net sa is dat lytse skoallen altyd swak binne. Dat is opmerklik, want dat wurdt faak as argumint brûkt om lytse skoallen te sluten. De lytse skoallen moatte wol de lesmetoaden oanpasse oan de lytse groepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)