Nije fertraging foar iepening kultureel sintrum Neushoorn

15 sep 2015 - 20:01

Kultureel sintrum Neushoorn yn Ljouwert giet op 21 oktober los op de nije lokaasje yn it Harmoniekertier. De plande foarstellings binne no earst op oare lokaasjes. De iepening wie pland foar septimber, mar de oannimmer rêdt it net op om it gebou op tiid op te leverjen. Benammen de foarsjennings foar brânfeiligens en de ynstallaasjes nimme mear tiid.

It Friesland College giet yn fazen oer nei it nije ûnderkommen, yn de krystfakânsje binne alle ûnderdielen ferhuze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)