Fuotbalfjilden Renado Sint-Nyk wurde opfretten troch larven

15 sep 2015 - 19:51

De fuotbalfjilden fan VV Renado út Sint-Nyk wurde opfretten troch spekrûpen. Dat binne de larven fan de maaituorre, de meikever. De rûpen frette de woartels fan it gers op en dêrtroch komme der allegear keale plakken op de fjilden.

By Renado binne sawol it haadfjild as it byfjild troffen troch de rûpen. De gemeente hat de rûpen bestriden mei knyflok, mar dat hat net genôch holpen. Fûgels dy't de rûpen sykje meitsje it probleem noch grutter. De klup en de gemeente dogge der alles oan om it probleem op te lossen.

Trefwurden: 
fuotbal Renado Sint-Nyk larven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)