Earste Maatschappelijke Beursvloer yn Ljouwert

15 sep 2015 - 19:32
  • De beursflier waard iepene mei in slach op in gong troch Andries Ekhart

Foar it earst hat der yn Ljouwert in Maatschappelijke Beursvloer west. Yn it Ljouwerter Aegon-gebou wienen sa'n 35 organisaasjes en 22 bedriuwen te gast om meielkoar te netwurkjen. Doel wie om in match te meitsjen tusken non-profit organisaasjes en bedriuwen.

It giet om in inisjatyf fan Leeuwarder Uitdaging dy't mienskiplik belutsen ûndernimmerskip yn Ljouwert stipet. Under oaren skoallen, soarchfersekerders, sportferienings en banken kamen nei de beurs.

De beursflier waard iepene mei in slach op in gong troch wethâlder Andries Ekhart fan de gemeente Ljouwert. Ekhart neamt de beurs it "perfekte foarbyld fan hoe't in partisipaasje-mienskip wurket". Yn it oere dat der tusken de bedriuwen, organisaasjes en ferienings hannele wurde koe binne der 49 matches sluten dy't yn totaal symboal stienen foar in wearde fan 70.600 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)