Fiif ton foar soarch- en wolwêzensprojekten Fryslân

15 sep 2015 - 16:58

De provinsje hat hjoed fiif ton ekstra útlutsen foar soarch- en wolwêzensprojekten. It giet om projekten dy't in bydrage leverje oan in sterke mienskip.

Fryslân is opdield yn fiif regio's en elke regio krijt in ton. It jild is bedoeld foar 2015 en 2016. Ien fan de projekten dy't jild krijt is op de Waadeilannen. By dit projekt wurdt sjoen hoe't learlingen yn it spesjaal ûnderwiis fan en nei de eilannen brocht wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)