Frijwilligers hâlde Tennis Feriening Feanwâlden oerein

15 sep 2015 - 16:43

It is in unikum yn de sportwrâld, in feriening dy't it oerlibbet sûnder subzydzjes of sponsoaren. Tennis Feriening Feanwâlden docht alles sels mei frijwilligers. Sûnt 2013 is de feriening eigener fan de tennishal op De Westereen. De eardere eigener hold der mei op en de feriening woe it gebou wol oernimme.

It kompleks wurdt draaiende holden troch frijwilligers fan alle leeftiden dy't himmelje, de tennisbanen ûnderhâlde en de reklame fersoargje. De tennishal op De Westereen is de iennichste yn Noardeast-Fryslân mei in tal binnenbanen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)