Boeren krije 30 miljoen euro oan stipe fan Brussel

15 sep 2015 - 15:54

Boeren yn Nederlân krije hast 30 miljoen euro oan stipe fan Brussel. Dat hat de Europeeske Kommisje besletten. Yn totaal lûkt de kommisje 500 miljoen euro út foar de molkfee- en bargehâlders yn de EU.

Oardel wike lyn protestearden boeren út hiel Europa yn Brussel om't se fine dat se te min jild krije foar harren produkten. Steatssekretaris Sharon Dijksma fan ekonomyske saken is tefreden oer it jild dat no út Brussel komt. Se giet meikoarten mei de sektor om tafel om te besjen hoe't it jild it beste ferdield wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)