Unis Flyers iepenje iishockeyseizoen yn iishal Ljouwert

15 sep 2015 - 14:54
  • De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht

De iishockeyers fan Unis Flyers fan It Hearrenfean iepenje freed it iishockeyseizoen yn de nije Ljouwerter iishal. De Flyers spylje gewoanwei yn Thialf, mar dy hal wurdt op it stuit ferboud. It is net de earste kear dat de Feanster ploech útwykt nei Ljouwert.

De iepening fan it iishockeyseizoen begjint mei de striid om de Ron Bertelingskaal. Gewoanwei is dat de striid tusken de bekerwinner en de lânskampioen. Mar om't Destil Trappers Tilburg beide titels wûn, spylje de Feansters as ferliezend finalist no tsjin de Trappers.

De Flyers spylje twa kear tsjin de Trappers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)