Lang om let grêfstien mei namme foar fleaners WOII

15 sep 2015 - 13:24

Nei 74 jier hawwe tiisdeitemoarn seis bemanningsleden fan in delstoarten Wellington in grêfstien krigen mei harren namme der op. De bommewerper waard yn de Twadde Wrâldoarloch delsketten boppe Boazum.

Lange tiid wie it ûndúdlik wa't der yn it fleantúch siet. Troch ferskate organisaasjes is útsocht wa't de mannen wienen. Doe't dat dúdlik waard, kaam it beslút om de grêfstiennen mei de nammen fan de fleaners te pleatsen op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert.

By de seremoanje wiene famyljeleden fan de piloaten oanwêzich. Twa nichten fan de 24-jierrige piloat John James Cox binne bliid dat se nei al die jierren op paste wize ôfskied nimme kinne. De neibesteanden binne tige tankber dat alle ferstoane piloaten no in namme hawwe en it respekt krije dat se fertsjinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)