It Fryske Gea hieltiid mear ôfhinklik fan skinkings

15 sep 2015 - 12:33

It Fryske Gea wurdt hieltiid mear ôfhinklik fan partikuliere skinkings, no't de subsydzjes fan oerheden minder wurde. De natuerorganisaasje spilet dêr bewust op yn. Sa ha se in kandidaat-notaris yn tsjinst naam om minsken dy't It Gea yn it testamint opnimme wolle, te begelieden.

De ôfrûne tiid hat de organisaasje trije grutte skinkings krigen, wêrûnder in kompleet bosk by Jonkerslân en in jildbedrach fan hast fjouwer ton. It Gea is bliid mei dizze skinkings.

Stikken lân dy't net as natuer ynrjochte wurde kinne, wurde troch It Gea bygelyks ferpachte. Dat soarget wer foar ynkomsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)