Bluswurk yn Kollumersweach nei twa dagen klear

15 sep 2015 - 11:29

De brânwacht is nei twa dagen klear mei it bluswurk by Mulder Agro yn Kollumersweach. Tiisdeitemoarn binne de lêste slangen opromme. Snein bruts in grutte brân út yn in loads dy't fol lei mei strie. It fjoer hat de loads folslein yn de jiske lein.

Benammen it neiblussen hat dêrnei noch lang duorre. Ek it ferkear hat hinder hân fan it bluswurk. Om't de slangen oer de dyk hinne leinen, mocht it autoferkear net altiten oer de Foarwei ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)