Auto te wetter op Alde Singel by Jobbegea

15 sep 2015 - 08:25

De helptsjinsten binne moandeitejûn manmachtich útrukt foar in auto dy't op de kop yn de sleat lei op de Alde Singel by Jobbegea. De bestjoerder kaam mei de skrik frij en wie sels al út de auto kaam. De man gie dêrnei nei hûs.

In foarbygonger seach de auto lizzen en warskôge de helptsjinsten. Doe waard gau dúdlik dat der gjin slachtoffers wienen. De auto is troch in bergingsbedriuw út it wetter helle.

Trefwurden: 
auto sleat Jobbegea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)