"Measte flechtlingen binne gjin geloksikers"

14 sep 2015 - 21:52

Asylrjochtadvokaat Anton de Haan fan It Hearrenfean sjocht by syn wurk foar flechtlingen yn Ter Apel net folle geloksikers. Hy ergeret him oan minsken dy't dat tinke. Boppedat is it tagongsbelied fan de frjemdlingetsjinst IND tige strang, is syn ûnderfining.

Fierwei de measte flechtlingen komme út Syrië en Iritreä en hawwe in soad ferskriklike saken meimakke. De Haan begrypt wol dat minsken harren soargen meitsje oer de tanimmende stream flechtlingen. Mar hy fynt tagelyk dat fierwei it grutste part fan dy minsken beskerming nedich hat.

De Haan begelaadt en advisearret sûnt seis jier flechtlingen by de asylproseduere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)