"Provinsje stjoert te min yn diskusje oer krimp"

14 sep 2015 - 20:32

Yn Fryslân wurdt tefolle praat en skreaun oer de oanpak fan krimp, mar konkreet bart der te min. Dat skriuwt de Noardlike Rekkenkeamer. Dy hat ûndersocht wat Fryslân krekt docht tsjin krimp.

Op papier stean in soad plannen, mar de doelen binne faach. Sa kin gjinien fan de belutsen partijen, lykas wenningboukorporaasjes en gemeenten, de oar oansprekke op it útbliuwen fan resultaat, Boppedat binne der tefolle wurk-, oerlis-en stjoergroepen. Sa is it hast ûnmooglik besluten te nimmen. De provinsje moat dêr mear yn stjoere.

De provinsje "stiet njonken de partijen en der net boppe", stiet te lêzen yn it rapport. It gefolch is dat gjinien him ferantwurdlik fielt foar it einresultaat.

De provinsje seit yn in reaksje himsels te werkennen yn it rapport. Dochs wolle se net yngripe, as it net nedich is. De provinsje fynt de oerlisorganen weardefol en wol dêr gjin ôfskied fan nimme. It is wol de bedoeling regels te skrassen.

Sjoch hjir foar it rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer oer Fryslân.

Trefwurden: 
krimp Provinsje Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)