Rûzje op stasjon, foarbygonger ferwûne troch pepperspray

14 sep 2015 - 20:04

De plysje hat moandei in 25-jierrige Ljouwerter en in 26-jierrige man út Libanon oanhâlden foar bedriging en geweld. Der kaam in melding dat op it treinstasjon yn Ljouwert manlju rûzje meiïnoar makken. Dêr soe pepperspray by brûkt wêze en ien soe drige hawwe mei in houten balke. In foarbygonger rekke ferwûne troch de pepperspray.

De twa fertochten besochten út te naaien yn in auto, mar se waarden sjoen op de Skrâns. Yn de auto fûn de plysje in slachwapen en triengas. Dat is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)