Undersyk nei fytsrûtes yn Nederlân

14 sep 2015 - 17:34

It fytsersbûn hâldt fan 'e wike it grutste ûndersyk ûnder fytsers ea. Mei it ûndersyk wol it bûn alle fytsbewegings yn kaart bringe. Mei de útkomsten fan it ûndersyk kinne behearders fan de diken harren belied oanpasse. Der hawwe harren lanlik al mear as 40.000 fytsers oanmeld, wêrfan tûzen út Fryslân.

Wa't meidwaan wol, kin in app downloade dy't alle gegevens automatysk byhâldt. Neffens foarsitter Kees Mourits fan it Fytsersbûn yn Fryslân dogge minsken anonym mei oan it ûndersyk.

Trefwurden: 
Fytsersbûn ûndersyk ferkear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)