KNRM ferwachtet dizze dagen 100.000e drinkeling te rêden

14 sep 2015 - 15:52

De Keninklike Rêdingmaatskippij KNRM ferwachtet dizze dagen de 100.000e drinkeling te rêden. De stichting, oprjochte yn 1824, hat op 45 plakken oan de Noardsee, de Waadsee, de Iselmar en de Westerskelde in stasjon.

De rêders begûnen mei roeiboaten dy se op it strân de brâning ynskoden. No hat de rêdingsorganisaasje it modernste materiaal, lykas boaten dy't hurder as 50 km de oere farre. De KNRM krijt gjin oerheidsstipe. De organisaasje draait op donateurs, jeften en frijwilligers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)