KNVB wol Cambuurspiler Van de Streek skorse

14 sep 2015 - 15:10

De KNVB wol Cambuurspiler Sander van de Streek foar ien wedstriid skorse. Se hawwe Cambuur dêrfoar in skikkingsfoarstel dien.

De middenfjilder krige sneon yn de wedstriid tsjin PSV in reade kaart foar hands yn it 16-metergebiet. Cambuurtrainer Henk de Jong wie nei de wedstriid poer op de skiedsrjochter. Cambuur giet yn berop tsjin it skikkingsfoarstel fan de KNVB.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)