FNP en GemeenteBelangen Ljouwerteradiel wer nei fergaderings

14 sep 2015 - 13:49
  • De spoarfyts op in stikje proefrails

De fraksjes fan FNP en GemeenteBelangen yn Ljouwerteradiel komme meikoarten wer nei de riedsfergaderings. Sûnt heal maaie hawwe beide partijen de fergaderings boykotte.

Oanlieding wie in konflikt mei it kolleezje fan B & W oer de plannen foar in spoarfyts by Jelsum en Stiens. It kolleezje wol dêr in fyts- en kuierpaad oanlizze. GemeenteBelangen en FNP binne foarstanner fan de komst fan in spoarfytstrajekt. It foarige kolleezje hie dêr al tasizzings oer dien, mar it nije kolleezje hat eigen plannen mei it trajekt.

FNP en GemeenteBelangen fielden har yn de diskusje net serieus naam en bleaunen dêrom de ôfrûne riedsgearkomsten thús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)