Eksakte oarsaak brân Dokkum net te efterheljen

14 sep 2015 - 13:12

De krekte oarsaak fan de deadlike brân ôfrûne sneon yn in hûs oan de Huoddemakkerswei yn Dokkum sil nei alle gedachten nea dúdlik wurde. De plysje meldt dat it ûndersyk klear is, mar dat se net oanjaan kinne hoe't de brân krekt ûntstien is. Dêrfoar binne tefolle spoaren troch it fjoer ferneatige.

De identiteit fan it slachtoffer is noch altyd net fêststeld. Dat moat mei help fan dna dien wurde. Hoelang't dat noch duorje sil, is net te sizzen. Wol is dúdlik dat it slachtoffer in frou is.

It fjoer bruts sneontemoarn om in oere as acht út. De folsleine boppeferdjipping baarnde út. Ek rekken omlizzende huzen skansearre.

Trefwurden: 
brân hûs Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)