Brânslangen stikkenriden by neiblussen Kollumersweach

14 sep 2015 - 12:47
  • Yn Kollumersweach leit in 1,5 km lange brânwachtslang

De brân by Mulder Agro yn Kollumersweach soarget foar oerlêst yn it doarp. By de brân gie snein in loads mei strie, frachweinen en oare saken ferlern. It bedriuw draait moandei lykwols wol troch, omdat de oare gebouwen gjin skea fan de brân hân hawwe.

Der wurdt moandei de hiele dei neiblust. Omdat der net genôch wetter yn de buert is, moat it oardel kilometer fierderop út de feart helle wurde. Derom leit der in wetterslang troch it doarp. Op- en ôfritten kinne net brûkt wurde en trije slangen binne stikkenriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)