Slachtoffer auto-ûngelok De Trieme is 92-jierrige man

14 sep 2015 - 12:32
  • De plysje trof de auto op de kop yn in sleat oan

It slachtoffer fan it deadlik ûngelok op De Dôlle by De Trieme is in 92-jierrige man út Dongeradiel. De man is mei syn auto op 'e kop yn de sleat telâne kaam. Hy is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

De plysje tinkt dat de man de bocht mist hat en rjochtút riden is. De auto hat nei alle gedachten al in skoft yn de sleat lein foar't er fûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)