Fertochte fan brannen Fochtelerfean hannele út wraak

14 sep 2015 - 11:53

De 70-jierrige fertochte dy't yn juny oppakt is foar ferskate brannen yn it Fochtelerfean, hannele út wraak. Dat meldt RTV Drenthe. De man wie lulk op natuerorganisaasje Natuurmonumenten.

Hy hie in skeel oer in stik grûn dat er yn it gebiet pachte. Yn maart wie der in grutte heidebrân yn it Fochtelerfean, yn maaie soe er ek brân stichte hawwe by Ravenswâld, Smilde en Beilen. De fertochte sels seit dat er net goed wist wat er die troch it brûken fan drank en medisinen. De rjochtbank lit dat no ûndersykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)