De Harkema lit trijetalich ûnderwiis sjen oan Bonêre

14 sep 2015 - 11:42
  • Bysûndere besite fan in delegaasje fan de Akademia Papiamentu en de organisaasje SPLIKA
  • De delegaasje joech ek in gastles oer it eilân Bonêre
  • Op 'T Holdersnêst wurdt les jûn yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk
  • Deputearre Poepjes ûntfangt de Bonêrianen op it Provinsjehûs

Fryske meartalige skoallen binne in foarbyld foar it eilân Bonêre. It eilân is sûnt 2010 in Nederlânske gemeente. Trijetalige basisskoalle 'T Holdersnêst fan De Harkema krige moandei besite fan in delegaasje fan de Akademia Papiamentu en de organisaasje SPLIKA.

De organisaasjes sette harren yn foar de taal Papiamentû op de eilannen. Dêr wurdt no in soad Nederlânsk ûnderwiisd en de Bonêrianen wolle net dat harren taal Papiamentû fergetten wurdt. Lykas yn Fryslân hoopje sy in meartalige skoalle op te setten.

De delegaasje kaam net allinnich om te sjen en te harkjen, mar joech ek in gastles oer it eilân Bonêre en beantwurde fragen fan de learlingen fan de basisskoalle.

De delegaasje waard moandei op it Provinsjehûs ûntfongen troch deputearre Sietske Poepjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)