KNVB wol regel feroarje nei oanlieding fan SC Cambuur - PSV

14 sep 2015 - 10:26

It fuotbalbûn wol nei oanlieding fan de reade kaart fan SC Cambuur-spiler Sander van de Streek in regel feroarje. De middenfjilder fan SC Cambuur krige sneon yn de wedstriid tsjin PSV de bal per ongelok tsjin syn hân. PSV krige in penalty en Van de Streek moast it fjild ferlitte.

Neffens de KNVB wie dat in terjochte kar fan skiedsrjochter Kevin Blom. Se fine lykwols ek dat SC Cambuur en Van de Streek te hurd straft wurde en wolle dat de regel feroaret. In giele kaart wie genôch west, fine se.

De KNVB sil yn petear mei de FIFA, de wrâldfuotbalbûn, om dizze regel oan te passen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)