Spinozapriis foar wittenskipster Cisca Wijmenga

14 sep 2015 - 10:11
  • Cisca Wijmenga

Cisca Wijmenga krijt moandei yn Utrecht de Spinozapriis, de belangrykste Nederlânske wittenskipspriis. Wijmenga, berne yn Burgum, is heechlearaar medyske genetika oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Se is ek ferbûn oan it UMCG yn dy stêd.

Se krijt de priis, dy't ek wol de Nederlânske Nobelpriis neamd wurdt, foar har ûndersyk nei glute-yntolerânsje. Oan de priis is in bedrach fan 2,5 miljoen euro ferbûn.

Ferline jier gie de Spinozapriis nei biolooch Theunis Piersma út Gaast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)