Kollum: "In ôfkarde seekakaloekus"

14 sep 2015 - 08:53
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"In ôfkarde seekakaloekus

29 minuten en ien sekonde. Dat wie myn tiid juster by de Simmer yn Fryslân Loop yn Burgum.
Men oh men, wat gong ik stikken op dy lêste kilometer. Of ik bin wat te fanatyk útein set, of de Aldegeaster kilometers binne gewoan koarter as dy yn Burgum. Hoe dan ek, myn earste 5 kilometer is in feit.

Nei ôfrin siet ik njonken in man dy’t krekt de 16,1 kilometer rûn hie. Ik hime as in ôfkarde seekakaloekus, wylst hy superfit yn in Snelle Jelle omhaffele. “En”, frege er, doe’t ik úthime wie, “bist no ek besmet mei it hurdrin-firus?” Noh net echt, moast ik tajaan. Sjoch it is sa, nei ôfrin fan it hurdrinnen bin ik altyd hiel tefreden mei mysels. Mar ûnder it rinnen freegje ik my elke kear wer ôf wêr’t ik yn fredesnamme mei dwaande bin. Dy saneamde ‘runners high’ dêr’t se it dan oer ha? Ik ha ‘m noch nea meimakke.

Hurdrin-coach Jaring de Groot melde foarige wike oan de dielnimmers fan Fit mei Femke dat wy nei woansdei eins net mear rinne moasten, sadat ús lichem op snein - juster dus – hunkerje soe nei in fanatike hurdrintocht. No, ik ha myn lichem justermiddei even frege en dy sei: “Mwoah, lit my hjir mar lekker op de bank sitte. Pûde M&M’s der by, en dan is ’t my wol bêst genôch sa.”

Mar ik moat earlik tajaan: justermiddei doe’t ik dêr yn Burgum nei ôfrin fan dy 5 kilometer mei in loeireade kop op it bankje siet, krige ik in hieeel lyts bytsje it runners high gefoel. No wurd ik trouwens ek net sa faak high. De lêste kear wie yn de kroech, doe’t ik besocht in jointsje te smoken. Ik smook gewoanwei net, dus al nei de earste hys sloech de ‘vlam in de pan’. En by de twadde haal skroeide my de luchtpiip finaal út ‘e strôt.

Myn skjinne lonkjes, gewoanwei allinnich mar folle mei farske Fryske greidelucht, binne dit soarte fan twadde pubertiid rebelsheid ek hielendal net wend. Filmje my by in poging ta smoken en do hast fuortendaliks in Postbus 51- spotsje klear foar Stoptober. Gjin minske dy’t mear in sigaret oanrekket as se my omroggeljen heard ha.

Fan dy twa suterige halen fan dat jointsje dêr yn ‘e kroech, rekke ik lykwols knetter high. Dat krigest mei dy suvere longen, dy nimme alles ekstra goed op fansels. Op it lêst wie ik sa high as in giele kanarje. Trije dagen lang ha’k der neiweeën fan hân.

Werom nei juster, doe’t ik natural high en tige tefreden mei myn tiid fan 29 minuten en ien sekonde wer nei myn auto fladdere. Underweis kaam ik lâns it poadium, dêr’t krekt de winners fan de 10 kilometer huldige waarden. “En it earste plak, mei in tiid fan 34 minuten, giet nei…” De ein fan de sin ha’k net iens mear heard. Tsien kilometer yn 34 minuten. Dat is fiif minuten stadiger as myn tiid, mar wol TWA kear myn ôfstân. BAM. Fuort stie’k wer mei beide hurdrinners-poatsjes op ‘e grûn.

Dizze ôfkarde seekakaloekus is dêrom justerjûn mar noflik mei in famyljepûde M&M’s op de bank lizzen gong. Sa, einliks myn ultime ‘runners high’-momint.

Noflike moandei!"

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)