Neibluswurk Kollumersweach hat hiele nacht duorre

14 sep 2015 - 06:01
  • Grutte brân yn Kollumersweach

De brânwacht hat fan snein op moandei de hiele nacht noch dwaande west mei it neiblussen fan de grutte brân yn in loads fan Mulder Agro oan de Foarwei yn Kollumersweach. Dy is sneintemiddei folslein yn de jiske lein. De loads lei fol strie en wie net mear te rêden. Der is noch in shovel ynsetten om it baarnende strie te fersprieden sadat der better blust wurde koe.

Oare gebouwen binne sparre en der is ek aardich wat guod út de grutte loads riden neidat de brân ûntdutsen waard. Dêrtroch komt it bedriuw net stil te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)