Kânsleas ferlies SC Hearrenfean yn derby fan it Noarden

13 sep 2015 - 15:08

Sportklup Hearrenfean is tsjin in kânsleaze nederlaach tsjin FC Grins oprûn. Yn de Euroborg ferlear Hearrenfean mei 3-1. Mear as in punt hat der eins noait echt yn sitten.

Al nei minder as in minút kaam Grins op 1-0 troch Danny Hoesen. Hearrenfean waard oerrompele troch Grins en yn de 16e minút makke Linssen fraai 2-0. Nei hast 70 minuten brocht Simon Thern in bytsje spanning werom en efkes waard it spannend, mar Mahi brocht de einstân op 3-1. Nei fiif wedstriden hat SC Hearrenfean no seis punten.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean Grins fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)